Goeie start by WK matchracen

22 sep 2010 - 12:23

De Fryske sylster Brechtje van der Werf is mei mar ploechgenoaten Renee Groeneveld en Annemieke Bes goed útein set op it wrâldkampioenskip yn de Amerikaanske stêd Newport. It team sylde op de earste dei twa kear nei winst en ien kear nei ferlies.

De ploech wurdt yn Newport oanfolle troch Mandy Mulder omdat der yn in ôfwikend en grutter type boat fearn wurdt, de Sonar. De Nederlânske boat begjint as ien fan de favoriten. De ploech stiet earste op de wrâldranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)