Goeie namme FrieslandCampina

08 apr 2009 - 14:20

Suvelkonsern FrieslandCampina stiet op it tredde plak yn in yndeks oer de reputaasje fan Nederlânske bedriuwen.

De list is makke nei oanlieding fan ûndersyk troch it Reputation Institute en de Erasmus universiteit. Goed 12.000 minsken is frege nei wat sy fine fan wurkwize, belied en reputaasje fan grutte Nederlânske bedriuwen en ynstellings. Fan 'e útkomsten is in top 30 makke. Philips stiet op earste plak, de Rabobank op it twadde, FrieslandCampina tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)