Goeie jiersifers foar Nuon

27 feb 2006 - 13:36

De winst fan Nuon is ferline jier mei 18 persint omheech gong nei 416 miljoen euro. It bedriuw kaam moandei mei de sifers nei bûten. 2005 wie it earste folsleine boekjier sûnt de liberalisearing. Goed 8 persint fan alle stroomgebrûkers stapte ferline jier oer nei in oar enerzjybedriuw.

Nuon hat noch altyd mear as twa miljoen klanten, sa seit it bedriuw sels. Nuon is it op ien nei grutste Nederlânske enerzjybedriuw, nei Essent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)