Goeie en minne punten Van Hall

18 maaie 2004 - 00:00

It Van Hall Ynstitút yn Ljouwert dêr't agrarysk ûnderwiis oanbean wurdt, hat yn in rapport fan de HBO-ried sawol in goeie as in minne beoardieling hân. De oplieding bistemanagement is neffens de HBO-ried de bêste agraryske oplieding fan it lân. Mar tagelyk skoarde de oplieding Dier- en Feehâlderij op fjouwer fan de 25 punten ûnfoldwaande.

Yn it ûndersyk waard sjoen nei de kwaliteiten fan oplieding, begelieding fan studinten en nivo fan ôfstudearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)