Goeie dei foar Weening yn Spanje

14 sep 2004 - 10:34

De Fryske hurdfytser Pieter Weening hie moandei in goeie dei yn 'e Ronde fan Spanje. De 23-jierrige renner fan 'e Rabobankploech einige yn 'e tsiende etappe as 23ste. It gie om de twadde berchetappe fan de Vuelta fan Alcoi nei Xorret de Catí oer in ôfstân fan 174,5 kilometer.

Weening koe lang goed meikomme. Hy einige op fiif en in heale minút achter de winner, de Spanjaard Eladio Jimenez.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)