Goeie dei foar Fryske silers

22 maaie 2014 - 23:13

Finnsiler Pieter-Jan Postma hat tongersdei op de tredde dei fan de Delta Lloyd Regatta it goud yn sicht krigen. Hy waard yn de twa races dy't op it programma steane earste en twadde en is koprinner Philipp Kasueske út Dútslân op 1 punt nadere. Sylster Marit Bouwmeester wist har liedende posysje yn de Laser Radialklasse te behâlden. Se waard tongersdei ien kear twadde. Roelof Bouwmeester stiet njoggende yn de Laser-klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)