Goedkeapste wenning yn Jistrum

19 jun 2008 - 18:43

De goedkeapste starterswenning fan Nederlân stiet yn Jistrum. De wenning hat in kostpriis fan 140.000 euro. De heal-frijsteande wenning mei garaazje en tún is sa goedkeap troch subsydzje en enerzjybesparjende maatregels.

Sa is der in reinwetterstonne, dêr't wetter úthelle wurdt. Bewenners mei in belestber lean fan net mear as 35.000 euro meitsje gebrûk fan de wenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)