Goedkeapere fearboattickets

10 aug 2000 - 19:27

Kaartsjes foar de fearboat nei Skylge en Flylân binne fan ôfrûne tiisdei ôf ƒ1.20 gûne goedkeaper wurden. De rjochter bepaalde dat der yn Harns gjin havenjild mear betelle hoecht te wurden.

Rederij Doeksen leit de kwestje al sûnt 1992 by de rjochter. Yn july kaam de definitive útspraak. Minsken kinne it tefolle betelle jild weromkrije as se har ticket sjen litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)