Goedkeaper út troch Omrin

07 apr 2012 - 11:40
  • REC ôffaloven

Fryske gemeenten betelje in leger bedrach oan ôffalferwurker Omrin as sein waard by it beslút oer de bou fan de reststof-enerzjy-sintrale (REC) yn Harns. Doe wie al bekend dat de priis fan de ferwurking sakje soe. De delgong is lykwols grutter as ferwachte. Dat hat Omrin freed bekend makke.

De ôffalferwurker seit fierders dat de kapasiteit fan de ôffaloven oer it earste jier foar 94 prosint brûkt is. Der wurdt no ek al foldien oan strangere miljeunoarmen dy't pas nei it earste jier jilde.

Mei de enerzjy dy't de reststof-enerzjy-sintrale opwekt, soene 31.000 húshâldings in jier lang stroom krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)