Goedkeape wenten yn Boalsert

29 jan 2014 - 19:03

Der komme 17 goedkeape en enerzjysunige wenten op it plak fan de eardere bassiskoalle De Opbouw yn Boalsert. De gemeente Súdwest-Fryslân hat dêr ôfspraken oer makke mei it bedriuw VDM út Droegeham. De nije wenten moatte foar in grutte groep minsken berikber wêze.

De priis fan de wenningen komt te lizzen tusken de 109.000 en 125.000 euro. Foar dy priis wurde ek de keuken en de badkeamer pleatst en wurdt in grut part fan it skilderwurk dien. As de gemeenteried ynstimt mei de plannen kin de ferkeap yn maart los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)