Goedkeape taksy nei trein

09 des 2006 - 12:26

Ynwenners fan Snits, Bûtenpost, Ljouwert en Frjentsjer kinne tenei aardich goedkeap mei de taksy nei it treinstasjon ta brocht wurde. De taksysintrale oan de Marshallwei yn Ljouwert is út ein set mei in proef mei goedkeap ferfier, ûnder de namme 'flexitax'.

De ritten binne folle goedkeaper as oars, omdat Arriva der wat subsydzje op jout. Arriva wol sa mear minsken yn de treinen krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)