Goedkeape hierhuzen yn Fryslân

13 maaie 2003 - 00:00

Hierhuzen binne it goedkeapst by in wenningkorporaasje yn Fryslân en Grinslân. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan Folkshúsfesting. Fryske en Grinzer hierders betellen yn 2001 yn trochsneed 297 en 298 euro yn de moanne.

Oer hiel Nederlân wie dat in bedrach fan 317 euro. De measte hier moast betelle wurde yn de provinsje Flevolân. De hierder betelle dêr yn trochsneed 364 euro yn de moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)