Goedkeape fergunnings Frjentsjer

18 aug 2006 - 17:05

De gemeente Frjentsjerteradiel is de goedkeapste gemeente fan Nederlân wat fergunnings foar de hoareka oangiet. In útbater is yn Frjentsjerteradiel foar alle fergunnings 110 euro kwyt. Dat docht bliken út ûndersyk fan it bedriuwsskip Horeca en Catering.

Gemiddeld kostje fergunnings sa'n 760 euro, dat is njoggen prosint mear as twa jier ferlyn. It djoerst binne fergunnings yn Amsterdam. Dêr moat 3600 euro betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)