Goedkeap tanke op Flylân

17 jan 2009 - 12:19
  • moandei goedkeap tanke op Flylân

Autobestjoerders op Flylân kinne moandei hiel goedkeap tanke by it âlde pompstasjon op de gemeentewerf. De gemeente docht de benzine fan it âlde tankstasjon yn de oanbieding foar ien euro de liter. Gewoanwei is de benzine op Flylân krekt dûbeltsjes djoerder. Flakby it âlde tankstasjon is in nij tankstasjon boud. Dat iepenet moandei. De gemeente hat útsocht dat de oanbieding goedkeaper is, as it leechpompen en ôffieren mei help fan in tankauto

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)