Goederenbank: tydlike winkel

28 jul 2010 - 14:46
  • De Goederenbank gie ferlern by in fûle brân

De Ljouwerter Goederenbank sil sa gau mooglik in tydlike winkel iepenje. It gebou fan 'e Goederenbank oan de Brandemeer yn Ljouwert is ferline wike folslein ôfbaarnd. Oant se in nij ûnderkommen ha, sille se de gymseal fan it eardere Comenius College as winkel brûke. Dit lokaal sit skean foaroer it gebou dat ôfbaarnde.

De Goederenbank wol graach yn Bilgaard bliuwe. As permanint plak hawwe se de Adelaarstsjerke op it each. Dizze tsjerke giet takom jier ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)