Goederenbank siket ferfierder

29 mrt 2012 - 16:50

De Goederenbank yn Ljouwert siket in ferfierder dy't guod bringe wol nei de kollega-organisaasje yn Zaandam. Dy waard dizze wike troffen troch in brân en ferlear sa syn foarried. De Ljouwerter Goederenbank hat no ûnder oare klean en boartersguod klear stean foar Zaandam, sadat de kliïnten net de dupe hoege te wurden. Mooglik dat op termyn noch mear guod fan Ljouwert nei Zaandam giet.

De Goederenbank yn Ljouwert waard yn de simmer fan 2010 ek troffen troch in brân. Eigner De Jong seit dêrom te witten hoe wichtich stipe is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)