Goederenbank moat oar plak ha

03 nov 2010 - 11:26

De Goederenbank yn Ljouwert moat omsjen nei oare húsfesting. De gemeente wol it gebou yn Bilgaard slope. Dêr wurde letter huzen boud. De ried wurdt frege om in lytse trije ton foar sloop fan it eardere skoalgebou beskikber te stellen.

De gemeente sil mei de minsken fan de Goederenbank prate oer in nij ûnderkommen. De bank wol sels graach yn Bilgaard bliuwe. Minsken mei in lyts ynkommen kinne by de Goederenbank goedkeap guod keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)