Goederenbank Ljouwert ôfbaarnd

20 jul 2010 - 03:20
  • Foto: Omrop Fryslân
  • Foto: Omrop Fryslân

By in grutte brân tiisdei is de Goederenbank oan de Brandemeer yn Ljouwert folslein útbaarnd. Yn it gebou wiene ûnder oare klean, meubels en tillevyzjes te keap.

De brânwacht fan Ljouwert, Dokkum en Marsum hawwe it fjoer bestriden, mar sy koene net foarkomme dat it gebou útbaarnde. It njonkenlizzende gebou fan UPC en in gebou fan de SKL berneopfang binne wol rêden. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)