Goede útspraak foar Oerol

16 apr 2010 - 17:53

Teaterfestival Oerol foldocht oan de easken om ûnderdiel te wêzen fan 'e kulturele basisynfrastruktuer. Dêrby hearre, betsjut foar langere tiid rjocht op subsydzje. Oerol hie dy status oanfrege, mar de eardere minister fan kultuer Plasterk wegere.

Oerol gie yn berop by de rjochter en dy stelt no dat it festival oan alle easken fan 'e basisynfrastruktuer foldocht. Sa komme alle teaterfoarmen goed oan bod. De minister moat no op 'e nij sjen nei de Oerol-oanfraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)