Goede tsjinstferliening apteker

28 nov 2002 - 00:00

De tsjinstferliening fan de Fryske apteken is goed. Ut ûndersyk ûnder klanten fan 25 aptekers kaam dat nei foaren. De kommunikaasje tusken klanten en aptekersassistinten soe wol better kinne en der is te min privacy. Yn it ûndersyk waard oanjûn dat der ferlet is om allinne mei de assistint te praten om de ynformaasje better te begripen.

Yn jannewaris wurdt der in nij ûndersyk hâlden om te sjen oft de mindere punten ferbettere binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)