Goede start foar Essent Snits

02 okt 2000 - 12:04

De volleyballers fan Essent Snits kamen sneontejûn ferrassend goed út 'e bus by de earste wedstriid fan 'e kompetysje. It thúsduel tsjin âld-topclub Martinus út Amstelveen einige yn in 3-1 oerwinning.

Utblinkers foar Snits wiene Bareld van der Meer en Wouter van der Goot. Dy lêste is werom op it âlde honk, nei't er in skoft by AMVJ spile hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)