Goede start Bongkot Fryslân

24 okt 2005 - 15:18

By de start fan it nije seizoen hawwe de Pencak Silat fjochters fan sportklub Bongkot Ljouwert in protte prizen behelle. Yn Nieuw-Vennep waarden de broers Jan en Bauke van Houten út Ljouwert earste yn har klasse. Dêrneist wûn ek Dennis Scholten mei oermacht yn syn klasse.

Nederlânsk kampioen Ronald Roolvink kaam wol yn de finale mar ferlear syn partij. Ek de jongerein die it goed, want dêr waarden tsien medaljes pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)