Goede kaartferkeap teaters

06 okt 2000 - 09:35

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat yn de foarferkeap 140.000 kaarten ferkocht foar it nije kulturele seizoen. Dat is mear as ferline jier. Fan de 340 foarstellingen binne 65 al útferkocht.

De skouboarch yn de Fryske haadstêd lûkt mear besikers út oare provinsjes. Ek yn Drachten, Frjentsjer, Snits en op It Hearrenfean rint de kaartferkeap goed. Foaral kabaret is populêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)