Goede ferkeap teater Snits

30 aug 2012 - 18:59

It nije teater Snits hat al mear as 15.000 kaarten ferkocht. De kaartferkeap sit dêrmei al op de helte fan it totaal oantal kaarten dat foar it folsleine teaterseizoen ferwachte wie. It nije teater hat op 28 oktober syn earste foarstelling en op 1 novimber folget dan de offisjele iepening.

Op it stuit wurdt der noch hurd wurke om it teater hielendal klear te krijen. Sa wurdt der in lyts plein oanlein foar it teater en wurdt der wurke oan de ynrjochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)