Goed twahûndert besikers by drive-in bioskoop Drachten

10 okt 2015 - 10:56

Sa'n hûndert auto's kamen freed op it Raadhuisplein yn Drachten foar de drive-in bioskoop. It wie de twadde kear dat it evenemint organisearre waard yn it Drachtster sintrum. Goed 200 besikers seagen nei de film 'Kingsman: The Secret Service'. It lûd fan de film wie troch de autoradio te hearren.

De opbringst fan de kaartferkeap giet nei de Stichting Leergeld. Dizze stichting stipet gesinnen dy't fan in minimum ynkommen libje moatte. De bern fan it gesin krije finansjele stipe om bygelyks sport- of muzykles te folgjen of op kamp te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)