'Goed sosjaal plan Van Wijnen'

16 jul 2013 - 14:50
  • Van Wijnen

Boubedriuw Van Wijnen hat wol in goed sosjaal plan foar de wurknimmers. Dat seit Cees van Bemmel fan it direksjebestjoer yn reaksje op it personiel dat tiisdei aksjefiert. In groep fan goed fjirtich Friezen hat it wurk dellein. Earder dizze moanne hawwe se dat ek al dien, mar no demonstrearje se by it haadgebou yn Baarn.

Van Bemmel begrypt de soargen fan de wurknimmers, mar seit dat er net folle mear foar harren dwaan kin. Hy tinkt dat de fraach om ekstra jild by ûntslach benammen by de fakbûnen weikomt en net by it personiel sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)