Goed silen Roelof Bouwmeester

08 jun 2011 - 21:42
  • Roelof Bouwmeester (argyffoto: Thom Touw)

Roelof Bouwmeester hie op de tredde dei fan Sail for Gold Regatta yn Weymouth it goede gefoel werom. De Lasersiler út Warten wûn de 5e race en waard dêrnei noch in kear 4e. Hy klimt fan it 29e nei it 15e plak.

Marit Bouwmeester bliuwt twadde yn de Laser radial. Marit sylde nei in tredde en in twadde plak. De Ierske Annalise Murphy wûn beide races en stiet earste. Pieter-Jan Postma is tolfde nei in 14e en 13e plak yn de Finn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)