Goed seizoen foar De Lawei

23 jan 2011 - 09:30

Teater De Lawei yn Drachten hat it ôfrûne seizoen mear besikers hân as yn it seizoen der foar. Dat docht bliken út it jierferslach. Kamen der yn it seizoen 2008-2009 noch rom 84.500 minsken nei de foarstellings, it ôfrûne seizoen wiene dat mear as 86.500.

Troch it gruttere tal besikers hat De Lawei it jier ek finansjeel posityf ôfslute kinnen. It teater hopet sa wat reserve te hawwen foar eventuele gefolgen fan de ekonomyske krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)