Goed resultaat Van Wijnen

11 apr 2013 - 20:39
  • Van Wijnen

Van Wijnen Gorredijk B.V. hat oer ferline jier in goed resultaat helle. It Fryske boubedriuw hat in netto omset fan 132 miljoen euro behelle. Yn totaal hat Van Wijnen Holding N.V. in netto omset fan 632,7 miljoen euro boekt.

De 373 Fryske meiwurkers fan it bedriuw ha ferline jier in tal grutte projekten oannaam en útfierd. Der is ûnder oaren in rekreaasjepark op Skylge boud, 50 apparteminten yn Ljouwert, in wensoarchsintrum yn Snits en de útwreiding en renovaasje fan it kantoar fan de Feilichheidsregio Fryslân is troch Van Wijnen dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)