Goed petear takomst Sionsberg

07 des 2011 - 20:59

It CDA-Dongeradiel hat noch goeie hoop dat de Sionsberg yn Dokkum folslein iepen bliuwe kin. Woansdei hat der in petear west tusken CDA-fertsjintwurdiger Esther Hanemaaijer, sy sit yn de aksjegroep Red de Sionsberg, soarchfersekerder De Friesland, de direksje fan De Sionsberg en sjirurgen fan it sikehûs.

Der is in soad ynformaasje útwiksele. Sa is it foar De Friesland dúdlik wurden hoe bot de takomst fan it sikehûs libbet by de befolking. Tongersdeitemoarn wurdt fierder praten. Hanemaaijer wol dat der dan konkrete ôfspraken makke wurde oer de takomst fan de soarch yn noardeast Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)