Goed jier kringloopwinkels

29 des 2011 - 14:14

De kringloopwinkels fan Estafette ha in topjier achter de rêch. Der is foar mar leafst twa miljoen euro oan twaddehâns guod ferkocht. Al mei al in omsetstiging fan 16 prosint yn fergeliking mei ferline jier. De bedriuwslieding tinkt net dat de resesje de haadreden is foar it súkses. Mar foaral de nije formule dy 't Fryske Estafette-winkels krigen ha.

Estafette hat no sân kringloopwinkels yn Fryslân. Der binne foarearst gjin plannen foar nije festigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)