Goed jier iepenloftswimbaden

29 aug 2012 - 11:38
  • Schatzenburg
  • Schatzenburg

De besikersoantallen fan de Fryske iepenloftswimbaden lûke wer oan. Nei in striemin foarseizoen like it der noch op dat der folle minder minsken kamen te swimmen as gemiddeld yn it jier. Mar nei in pear wiken mei moai sinneskynwaar is it by guon iepenloftbaden sels better as ferline jier. Bygelyks de Sawn Doarpen yn Gytsjerk luts 5000 besikers mear as yn 2011.

Swimbad Skatzenburg koe fanwege allegear perikelen en in behearderswiksel pas op 8 july iepen, mar helle sûnt dy tiid toch sa'n 10.000 besikers.

It is noch net dúdlik oft it swimbad takom jier wer iepen giet. It ferplichtingskontrakt is ôfrûn, mar de nije eigeners moatte der noch in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)