Goed jier FrieslandCampina

16 mrt 2011 - 09:43

FrieslandCampina hat in goed jier draaid. Dat is woansdei bekend makke by de presintaasje fan de jiersifers. De omset gie mei 10 prosint omheech en de winst groeide mei 57 prosint nei 285 miljoen euro. It gie foaral goed mei de ferkeap fan produkten yn Azië en Afrika, wylst yn Europa de ôfset weromrûn.

De boeren profitearje fan de goede resultaten, want de molkpriis gie omheech nei goed 32 euro per 100 kilo molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)