Goed jier foar Zevenwouden

05 maaie 2004 - 00:00

Fersekeringsmaatskippij Zevenwouden op It Hearrenfean hat ferline jier goede resultaten boekt. Dat hat te krijen mei it moaie simmerwaar. Ek hawwe der gjin grutte stoarmen west. Dêrtroch hoegde de fersekerder gjin grutte skeaklaims út te beteljen.

De jierrekken fan Zevenwouden waard goedkard mei in posityf resultaat fan goed sân euroton. Dat komt ek om't de belizzingen it goed dien hawwe nei it herstel fan de effektebeurzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)