Goed jier foar VVV Skylge

24 mrt 2006 - 14:49

Nei in pear finansjeel mindere jierren hat de VVV op Skylge it ferline jier wer goed dien. Foaral it tal boeking fan Súdwester-arranzjeminten wie yn 2005 mei 900 folle heger as it tal fan 150 dêrfoar.

De Súdwester-arranzjeminten binne spesjale wykein- en midwike-fakânsjes foar minsken dy't it eilân ûntdekke wolle yn de perioade fan ein oktober oant begjin april. It nije boekings- systeem wurdt keppele oan ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)