Goed jier foar Skipfeartmuseum

30 des 2004 - 16:20

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat in goed jier achter de rêch. Der hawwe hast 24.000 besikers west, goed 2000 mear as ferline jier. Dat is mei te tankjen oan in pear útstallings dy't it museum hâlden hat.

Der hat bygelyks in útstalling west oer de Fryske skipsûntwerper Van Loon en oer Fryske potskippen. It Skipfeartmuseum is wol benaud om takom jier besikers te ferliezen, om't der minder subsydjze fan de provinsje komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)