Goed jier foar Planetarium

19 jan 2003 - 00:00

It Planetarium yn Frjentsjer hat ferline jier goed draaid. It koe it op ien na heechste tal besikers út syn skiednis ferwolkomje. Sa'n 36.000 minsken kamen nei it stjerrekundich museum.

Yn de jierren njoggentich kamen jierliks sa'n 28.000 besikers nei it Planetarium. De lêste jierren nimt dat tal hieltiten mear ta. It Planetarium is no ien fan de bêst besochte musea yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)