Goed jier foar mûnen

13 feb 2008 - 22:04

It ekstra omtinken dat mûnen ferline jier krigen hawwe fanwege it Jier fan de Mûne hat yn Menameradiel fertuten dien. De acht mûnen dêr hawwe folle mear besikers lutsen en ek folle mear draaid as yn 2006. Dat skriuwt de Stichting Molens in Menaldumadeel yn syn jierferslach.

De mûnen yn Menameradiel binne yn goede steat en ek is der jild om mankeminten te reparearjen. Wol is der ferlet fan mear mûnders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)