Goed jier foar fjildûle

05 aug 2014 - 08:50
  • De fjildûle

De fjildûle docht it dit jier bysûnder goed yn ús provinsje. Oant no ta hat it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten (BFVW) al fyftjin meldings hân fan briedende pearkes. In pear jier lyn waarden yn hiel Nederlân noch mar inkele tsientallen briedpearen teld. Om dy reden stiet de fjildûle op de list mei bedrige fûgelsoarten.

Neffens it BFVW docht de fjildûle it dit jier sa goed, om't it in goed mûzejier west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)