Goed jier foar De Friesland

03 jan 2005 - 11:25

Soarchfersekerder De Friesland hat in goed jier hân, ek al is der mear konkurrinsje. Sawol it tal fersekerden en de winst binne yn 2004 tanommen. De Friesland hat no 395.000 klanten. Dat is foar it bedriuw in rekord. De winst oer 2004 is 25 miljoen euro. In part dêrfan wurdt fia de preemjes weromjûn oan de fersekerden.

De Friesland wol dit jier dwaande mei in nije basisfersekering dy't yn 2006 ynfierd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)