Goed healjier feeboeren

01 aug 2010 - 16:56

Melkfeehâlders hawwe in goed healjier hân. Boeren hawwe yn trochsneed 20.000 euro mear fertsjinne as yn de earste helte fan 2009. Dat docht bliken út ûndersyk fan Agrifirm ûnder 2000 boeren dêr't in grut part fan út Fryslân komt.

De goede omset komt troch in goede molkpriis, mar ek om't de kij minder krachtfoer krigen en it foer goedkeaper wie. Fraach is oft de twadde helte fan dit jier ek sa goed is, want der is krapte op de foermerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)