'Goed gefoel oer protest'

12 sep 2013 - 15:31
  • Prins Dokkum

Meiwurkers fan it eardere Prins Dokkum hawwe in goed gefoel oerhâlden oan de sitting by de ûndernimmingskeamer yn Amsterdam. De meiwurkers tekenen mei help fan de fakbûnen protest oan tsjin de sluting fan it bedriuw. By dy sluting binne alle meiwurkers op strjitte komme te stean. By harren ûntslach ha se gjin fergoeding mei krigen. Neffens de fakbûnen wie de sluting lykwols hielendal net nedich.

De produksje wurdt op dit stuit oerbrocht nei Poalen. De fakbûnen easkje dan ek dat der in ûndersyk dien wurdt nei de fraach oft it wol terjochte is dat de direksje de doarren sluten hat. De fiif rjochters dogge oer twa moanne útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)