Goed en min fuotbalnijs

27 apr 2003 - 00:00

BCV út Burgum is kampioen yn de twadde klasse B wurden. De fuotbalklub wûn sneon mei 6-3 fan de Zeerobben út Harns. Ek al moatte der noch twa wedstriden spile wurde yn dizze kompetysje, foar de ploech fan Koning kin it seizoen no al net mear stikken.

Sneonshaadklasser Drachtster Boys ferlear sneon yn Apeldoorn mei 2-0. Dêrtroch degradearje de Friezen út de haadklasse. Harkemase Boys spilen lyk (2-2) tsjin Be Quick '28 út Zwolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)