Goed earste wykein foar Oerol

14 jun 2004 - 00:00

Mei 90 persint útferkochte foarstellings en 50.000 ferkochte kaarten belibbe Oerol in goed earste wykein. De rigen by de kassa wiene lang, mar net folle langer as oars. Op moandeitemoarn leine inkelde tsientallen die-hards al om kertier foar fiven moarns foar de kassa om wis te wêzen fan kaartsjes foar de foarstelling dy't se sjen woene.

Fierder wie der fansels ek in soad strjitteater en dûns op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)