Goed Cambuur ferliest fan AZ

01 aug 2012 - 21:15
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat woansdei op de neimiddei de oefenwedstriid mei 3-1 fan AZ ferlern. De wedstriid waard spile op 't Heidefjild fan fuotbalferiening Jobbegea, omdat AZ trainer Gertjan Verbeek - ynwenner fan it doarp - 50 jier wurden wie. Nei de 0-0 by it skoft sette Jozy Altidore de Alkmaarders op foarsprong. Michiel Hemmen soarge foar de Ljouwerter lykmakker, mar de ploech út de earedivyzje pakte fuort dêrnei wer de foarsprong troch Erik Falkenburg. In omstriden pennel soarge foar de 3-1 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)