Goed begjin Roelof Bouwmeester

12 des 2011 - 11:19

Roelof Bouwmeester is moandei op it wetter by Perth yn Australië goed begûn oan syn wrâldkampioenskip silen yn de Laser klasse. Roelof kaam yn de earste race as twadde oer de einstreek, yn de twadde waard er njoggende. Der dogge 147 dielnimmers mei yn de Laser. De earste trije dagen wurdt der syld yn trije groepen. Dan folget de skieding yn de gouden, sulveren en brûzen float. De 26-jierrige siler út Warten stiet nei de earste dei op it 13e plak.

Roelof Bouwmeester hat de ôfrûne wike sjoen hoe't syn suster Marit op itselde wetter wrâldkampioene waard yn de Laser radial klasse. Roelof wol krekt as Marit takom jier meidwaan oan de Olympyske Spelen op it wetter fan Weymouth yn Ingelân. Om foar Nederlân út te kommen hat er stevige konkurrinsje fan syn trainingsmaat Rutger van Schaardenburg. Dy waard op de earste WK dei fjirde en achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)