Goed begjin Pieter-Jan Postma

02 apr 2013 - 09:12

Pieter-Jan Postma is syn nije sylseizoen goed begûn. Op de earste dei fan it wrâldbekertoernoai om de prinses Sofia Cup foar de kust fan Majorka sylde er yn syn Finn mei in stevige wyn nei in twadde en tredde plak. Postma dy't by de Olympyske Spelen fan ferline jier krekt njonken it poadium stie wol dat yn 2016 yn Rio de Janeiro rjochtsette. Dat docht er mei syn nije coach Jacco Koops.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)