Goed begjin Oranje by play-off

26 okt 2014 - 11:57
  • Sherida Spitse

De fuotbalfroulju fan Oranje, mei dêryn Sherida Spitse fan Snits en keepster Loes Geurts fan Hichtum, hawwe sneon de earste play-off wedstriid foar pleatsing op it wrâldkampioenskip 2015 mei 2-1 wûn fan Skotlân. De beide Nederlânske treffers foelen yn de earste helte en kamen op namme fan Lieke Martens en Manon Melis, dy't in strafskop fersulvere.

Fuort nei rêst makke Skotlân de oanslutingstreffer fan 11 meter nei hands fan Stefanie van der Gragt. Yn de slotminút krige Melis de bêste kâns op de 3-1, mar har skot waard keard troch de peal.

Kommende tongersdei is de return tsjin Skotlân. De winner nei twa wedstriden sil ein novimber stride tsjin Oekraïne of Italië om in ticket foar it WK 2015 yn Kanada.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)