Goed begjin Marit Bouwmeester

05 des 2011 - 14:19

Marit Bouwmeester is yn Australië goed begûn oan it wrâldkampioenskip silen. Op it wetter by Perth waard de sylster út Warten yn har Laser radial tredde en twadde. Benammen it tredde plak yn de earste race wie in geweldige opstekker. Marit hie in falske start en moast dêrnei as lêste fan de 51 dielnimmers yn har groep oan it WK begjinne. Pieter-Jan Postma sette min útein yn de Finn. Yn de earste race waard er tweintichste. Alles gong folle better yn de twadde. Mei oermacht waard dy race wûn.

Yn de Laser radial klasse binne yn totaal 102 dielnimmers. Yn de Finn hat Pieter-Jan Postma 73 konkurrinten. Roelof Bouwmeester komt op dit wrâldkampioenskip yn de Laser klasse foar it earst yn aksje op moandei 12 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)