Goed begjin foar Stellingwerf

03 feb 2014 - 08:07
  • René Stellingwerf yn aksje

Iisspeedwaykoereur René Stellingwerf fan Tsjummearum is it nije seizoen yn it Russyske Krasnogorsk úteinset mei in tolfde en in njoggende plak. Sneon einige Stellingwerf as tolfde op de earste grand prix wedstriid. In dei letter pakte er in njoggende plak.

De winst op de earste dei gong nei de Rus Daniil Ivanov. In dei letter wie lângenoat Dimitry Koltakov de bêste. Stellingwerf wie de ienige Nederlânske dielnimmer yn Krasnogorsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)